Underfining (Liet Ferzje)
Sample Text
Become A Better Singer In Only 30 Days, With Easy Video Lessons!
De winner fan de Tekstpriis It is Sample Text mei Underfining En it giet dus oer hoe sprekke wy Frysk Is it min Frysk, is it geef Frysk Is it slim Heech tiid om it mei syn allen dêr oer te hawwen Grutske Fries oant de dea oan ta Dat sit yn it bloed, dêr kin ik neat oan dwaan Ik kom út Súdwest, út it waarme hert En se prate hjir Frysk mar eins krekt ek net Dus lit my dy fertelle hoe't se hjirre wol prate Yn plak fan reedride sizze se skaatse Ik hear hast gjin hast mar allinne mar bijna Ik ha in boskje kaaien mar dat is net wat sy ha Nee sleutels, is it de bosk of it bosk Silst nei de tandarts foar dyn losse tosk? Is it sjen litte, of is it litte sjen? It is net erg tûk, it is tige slim Is it ûngefear of is it om-en-de-by? En folgens my is it neffens my Yn de Fryske taal is it as, net dan Dêr stiest fan te sjen, of net dan? Se hawwe it noait leard of se witte it net mear Want snijt it dêr, no dan sniet it hjir Dit is net in opfetting, dit is net in miening Harkje goed, dit is in ûnderfining Se hawwe it noait leard of se witte it net mear Se binne "moai fuort" mar se staverje it ferkeard Dit is it lot, de Fryske ferdwining Harkje goed, dit is in ûnderfining Sy fine it leuk, mar ik mei der net oer En dan slaan ik skriuwfeardigens ek noch ris oer Nim neil en nagel, spiegel en spegel Faker fout as goed is hjirre suver de regel Is it folle plezier of in protte wille Net fytse gean mar fytse sille En froeger is gjin Frysk, mar it is foarhinne Je kin je net fergisse, want it is fersinne Net rekkening mar rekken, it is ynkoarte En it is noait "binnenkoart" mar it is ynkoarten Guon sizze "ik ik" mar bedoele "ik ek" Oan it foute wurd "lústerje" ek gjin gebrek Soms brûke je lucht en soms is it loft Sy nimme in pauze, ik preferear skoft Wy binne net bezich, mar oan de gong Gjin skyt oan myn skunnen, mar oan de skuon Se hawwe it noait leard of se witte it net mear Want snijt it dêr, no dan sniet it hjir Dit is net in opfetting, dit is net in miening Harkje goed, dit is in ûnderfining Se hawwe it noait leard of se witte it net mear Se binne moai fuort mar se staverje it ferkeard Dit is it lot, de Fryske ferdwining Harkje goed, dit is in ûnderfining Miskien in minne boel, mar lestich noch te kearen En it is fan alle tiden, falt lestich ôf te learen Ik wol goed prate, net goedprate Dochs slaan ik sels ek in boel flaters Want ik skilje net, mar ik belje wol En ik ademje wêr't ik sykhelje wol Sa yts, sokssawat, soksoart' dingen Tiidwurdoarder, ensafuorthinne Dus wat kin ik der eins wierlik fan sizze? En moatte wy wol op alle slakken sâlt lizze? Talen haw altiten mei feroarings te krijen Wat is taalferfal, en wat is just fernijing? Litte ynslûpsels it Frysk ferlern gean? Of stypje se de brûkberheid en dus it fuortbestean? Betsjut it oerlibjen, of ûndermining? Wat fine jo, fan de ûnderfining? Se hawwe it noait leard of se witte it net mear Want snijt it dêr, no dan sniet it hjir Dit is net in opfetting, dit is net in miening Harkje goed, dit is in ûnderfining Se hawwe it noait leard of se witte it net mear Se binne moai fuort mar se staverje it ferkeard Is dit it lot, de Fryske ferdwining? Harkje goed, dit is in ûnderfining
The easy, fast & fun way to learn how to sing: 30DaySinger.com
Citation
Use the citation below to add these lyrics to your bibliography:
Style:MLAChicagoAPA
"Underfining (Liet Ferzje) Lyrics." Lyrics.com. STANDS4 LLC, 2024. Web. 4 May 2024. <https://www.lyrics.com/lyric-lf/9213654/Sample+Text/Underfining+%28Liet+Ferzje%29>.
Discuss the Underfining (Liet Ferzje) Lyrics with the community:
Report Comment
We're doing our best to make sure our content is useful, accurate and safe.
If by any chance you spot an inappropriate comment while navigating through our website please use this form to let us know, and we'll take care of it shortly.
Attachment
You need to be logged in to favorite.
Log In