Beurs Oan De Ketting
Sample Text
Become A Better Singer In Only 30 Days, With Easy Video Lessons!
Yo Pieter Ja Wêrom hasto eigenlik altyd dyn beurs oan 'e ketting? Haha, noo, dêr sit best in ferhaal efter Wolst de koarte gearfetting of de hiele mikmak? No, ik ha wol even de tiid Oké, uhh, Sijmen! Ja? Kinsto in beat spylje? Uuh, jawol Top, oké ik sil even, even slokje Soksawat? Yo, is goed Rinnend oer de strjitte is der ien ding net te missen Myn swarte learen beurs haw ik oan de ketting lizzen Guon dy freegje al: "Is dat yn de moade?" Nee mefrou ik ha dat ding hurd noadich It ferhaal hoesa spilet him ôf yn Sweden Op in Stockholms terras fan de Burger Kening Ik hie wat omstapt en ik kriich wol sin yn wat Dus gau in snelle hap wie foar my de koartste klap No ik koe wol pinne, en dat ha ik witten Hie it iten binnen, en soe fierder gean rinne Mar ik kriich it gefoel dat er wat net doogde Ik fielde myn bûsen, en woe der net oan leauwe Mar de beurs wie fuort, en de ynhâld ek Dus yniens hie ik, oan jild gebrek Ja ik kin der nó, moai oer fertelle Mar ik bin bestellen, by it bestellen In koarte gearfetting Ik ha de beurs oan de ketting Ja jo kinne my herkenne Oan de beurs oan de ketting In koarte gearfetting (in koarte gearfetting) Ik ha de beurs oan de ketting (hat de beurs oan de ketting) Ja jo kinne my herkenne (jo kinne him herkenne) Oan de beurs oan de ketting (oan de beurs oan de ketting) Jaa, sa kin it rinne Fan sa "moai fut" nei praktysk blut Sinten? Fuort! Buskaart? Fuort! Bankpas? Fuort! ID kaart? Fuort! Rydbewiis? Fuort! Bonuskaart? Fuort! Donald Duck abonnemintpas? Fuort! We hawwe doe noch by it ôffal socht Mar ek dat foel ôf, it wie om 'e nocht Ik waard der wis fan, in bûsehifker Makke dêr sa, myn bûsen lichter Fan de Burger Kening, gjin hulpverlening "Uh we don't save the video surveillance" Ik fûn ik wol wat frjemd, en ik wit net oft it wier wie It like my wol sterk, dat dy kamera foar de sier wie Doe de bank belle, ha myn paske mar blokkeard Ik tocht dat ik op tiid wie, 'aanst giet it ferkeard' Mar wat blykte letter, ik seach ris op myn rekken De boef hat fan myn pinpas èk in burger sitte fretten In koarte gearfetting (no ja, koart?) Ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs) Ja jo kinne my herkenne (je moatte der al wenne) Oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs) In koarte gearfetting (ik fyn dit net koart) Ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs) Ja jo kinne my herkenne (ik moest der al oan wenne) Oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs) Leave eltsenien Pas op dyn pas want do hast der mar ien No de oaredeis haw ik oanjefte dien Op it plysjeburo en dêr frege ik ien "Kom ik noch werom sûnder ID?" En de plysjeman sei "Gjin idee" "Yn dit soart saken bin ik net bedreaun Skylje mar mei de ambassadeur" No, oan de tillefoan mei de ambassade Fan 'hoe kom ik no troch de dûane' En dy stjoerden my, wer nei de fleanmaatskippij Fan de muorre nei it sket, kaam der ea noch in ein? Mar doe mocht ik nei hûs mei in hiele goeie útlis In paspoartkopy en in oanjefteútskrift Paspoart lei noch thús, koenen se 'm ek net stelle "Kin mem dy even scanne?" Se fûn 't al raar dat'k belle Ienkear op it fleanfjild, alles regeld, alles print Waard der troch gjinien nei frege, it hie hielendal gjin sin Enfin, no ja, der falt in protte oer te sizzen Mar myn moaie nije beurs haw ik oan de ketting lizzen In koarte gearfetting Ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs) Ja jo kinne my herkenne Oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs) In koarte gearfetting Ik ha de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs) Ja jo kinne my herkenne Oan de beurs oan de ketting (de ketting oan de beurs) Wat moet je nou met zo'n gast? Wat moet je nou? Hé, is't goed?
Watch: New Singing Lesson Videos Can Make Anyone A Great Singer
Citation
Use the citation below to add these lyrics to your bibliography:
Style:MLAChicagoAPA
"Beurs Oan De Ketting Lyrics." Lyrics.com. STANDS4 LLC, 2024. Web. 14 May 2024. <https://www.lyrics.com/lyric-lf/10124361/Sample+Text/Beurs+Oan+De+Ketting>.
Discuss the Beurs Oan De Ketting Lyrics with the community:
Report Comment
We're doing our best to make sure our content is useful, accurate and safe.
If by any chance you spot an inappropriate comment while navigating through our website please use this form to let us know, and we'll take care of it shortly.
Attachment
Accept answer
Offer Reward & Get Noticed
You need to be logged in to favorite.
Log In